Folmacht
Stimme by folmacht
As in kiezer net sels stimme kin, kin hy in oare kiezer machtigje dit foar him te dwaan. Dit hjit stimme by folmacht. De persoan dy’t de machtiging krijt, kin de folmachtstim allinnich tagelyk mei syn eigen stim útbringe. Wurkjouwers moatte kiezers de kâns jaan om harren stim út te bringen. Ek as dit net bûten wurktiid kin.
Underhânske folmacht
Om in machtiging te jaan, kin jo it diel oan de achterkant fan de stimpas brûke. Dit hjit in ‘ûnderhânske folmacht’. Jo moatte de gegevens op de achterkant ynfolje. Dêrnei moatte jo en de machtige beide in hântekening sette. Allinnich in kiezer dy’t yn deselde gemeente wennet kin in ûnderhânske folmacht krije. Kiezers kinne gjin folmacht ferliene yn in stimlokaal.
By it stimmen moat de machtige in (kopy fan it) identiteitsbewiis sjen litte fan de folmachtjouwer. Dit mei op de dei fan de stimming op syn meast 5 jier ferrûn wêze. De machtige kin it identiteitsbewiis fan de folmachtjouwer ek op smartphone as tablet sjen litte. De Ryksoerheid besiket misbrûk mei kopyen fan identiteitsbewizen tsjin te gean. Minsken dy’t in kopy meitsje fan harren identiteitsbewiis kinne it folgjende op de kopy skriuwe:
- Dat it in kopy is
- Foar wa as hokker produkt de kopy is
- De datum wêrop’t de persoan de kopy jout
- De kiezer streket syn/har boargerservicenûmer troch; yn it dokumint, mar ek yn ‘e stripe nûmers ûnderoan
Wolle jo úteinlik dochs sels stimme, dan kinne jo de ûnderhânske folmacht ynlûke. Yn dat gefal moatte jo de ta folmacht omsette stimpas werom freegje by de machtige. Mei dizze stimpas kinne jo stimme.
Skriftlike folmacht
Om in skriftlike folmacht oan te freegjen, stjoere jo in fersykskrift. Dit moat nei de boargemaster fan de gemeente dêr’t jo wenje op ‘e dei fan de kandidaatstelling.
Dit fersykskrift moat moandei 3 juny 2024 fòàr 17:00 oere by de gemeente binnen wêze. Hjirfoar is in formulier beskikber Model L 8 by de gemeente. Jo en de persoan dy’t jo machtigje folje beide in part fan dit formulier yn.
De machtige krijt by goedkarring fan it fersyk in folmachtsbewiis dêr’t de machtige út namme fan jo stimme kinne. In kopy fan in identiteitsbewiis fan de folmachtjouwer is hjir net nedich.
Ynlûken skriftlike folmacht
It is net mooglik om in skriftlike folmacht yn te lûken. Hawwe jo in skriftlike folmacht oanfrege?
Dan is jo stimpas ûnjildich.It folchnûmer fan de stimpas komt foar op ‘e list fan ûnjildige stimpassen te stean. Hjirtroch is it net langer mooglik dat jo sels stimme as in ferfangende stimpas krije.
Op syn meast 2 folmachten
De persoan dy’t machtige is om foar immen oars te stimmen mei op syn meast 2 folmachten oannimme. Dizze kin de folmachtstim allinnich mei de eigen stim útbringe.
De machtige jout it folmachtbewiis oan it stimburo. It stimburo kontrolearret de identietit en stimpas foardat de machtige stimme mei.
Ronselje
De foarstap ta it jaan fan in folmacht leit by de kiezer, en net by syn machtige. It is ferbean om folmachtstimmen te ronseljen.
Dt betsjut dat jo kiezers hieltiten freegje om harren stimpas te ûndertekenjen en ôf te jaan. Ien mei ek net in kiezer omkeapje troch in gift of in belofte. Of de kiezer op in oare wize twinge om in folmacht ôf te jaan.
Finzenis of ynrjochting
Kiezers dy’t yn in ynrjochting of finzenis sitte kinne allinnich by folmacht stimme. Utsein as der yn ‘e ynrjochting as finzenis in stimburo sit. Kiezers kinne gjin folmacht jaan yn in stimlokaal.