Stimme mei in beheining

Elkenien docht mei

Elkenien docht mei. Ek as jo in beheining hawwe, moatte jo gewoan stimme kinne. Dit moatte jo sa selsstannich mooglik dwaan kinne. Stimme moat tagonklik wêze foar elkenien. De gemeente Noardeast-Fryslân fynt it tige wichtich dat elkenien stimme kin. Dêrom hat de gemeente besocht hjir safolle mooglik rekken mei te hâlden. 

Foar minsken dy’t gebrûk meitsje fan in rollator as in rolstoel binne alle stimburo’s tagonklik.

Der binne by alle stimlokalen genôch parkearplakken.

Neffens de Kieswet mei help by it stimmen allinnich wannear’t jo in lichaamlike (bygelyks fisuele) beheining hawwe. Wannear’t jo troch in lichaamlike beheining help nedich binne by it stimmen, dan kinne jo help krije. Dit kin troch immen dy’t mei is as troch in lid fan it stimburo.

Help oan kiezers mei in ferstanlike beheining mei net neffens de Kieswet. Wannear’t persoanen mei in ferstanlike beheining net sûnder help stimme kinne, giet de wetjouwer der fan út dat hja net selsstannich harren wil bepale kinne. Dizze selsstannigens is in útgongspunt fan it kiesrjocht.

Minsken dy’t oare problemen hawwe met it stimmen troch bygelyks demintsy, in (licht) ferstanlike beheining as dy’t muoite hawwe mei lêzen krije help bûten de stimhokjes. Yn ‘e stimhokjes mei dit net. Dat hat te krijen mei mooglike fraude.

Foar minsken dy’t net goed sjen kinne leit yn alle stimlokalen in loep. Der is ek genôch ljocht yn it stimhokje.

In webside mei ienfâldige ynformaasje oer de ferkiezings fine jo op: 

Stemjijook.nl

In spesjale ferkiezingskrante yn ienfâldige taal fine jo op:

Prodemos.nl

In kandidatelist mei ekstra grutte letters is hjir te downloaden 

In kandidatelist mei ekstra grutte letters

Kandidatelist yn sprutsen foarm

Klik hjir foar it audio bestân.