Wat nim ik mei nei it stimburo?

Goed om te witten

As jo nei it stimburo geane hawwe jo in stimpas en in indentiteitsbewiis nedich. Mei de stimpas kinne jo stimme yn elk stimlokaal binnen de gemeente.

Stimme mei in stimpas

By ferkezings krije jo, as jo kiesberjochtige bnne, op syn lêst 14 dagen foar de ferkiezingsdei in persoanlike stimpas thús. Jo stimpas is foar it stimburo it bewiis dat jo noch net yn in oar stimlokaal stimd hawwe.

Wa meie stimme? 

Jo meie stimme foar de ferkiezings fan it Europeesk Parlemint as jo:

  • De Nederlânske nasjonaliteit hawwe. As de nasjonaliteit fan in oar EU-lidsteat.
  • Op ‘e dei fan de ferkiezings 18 jier as âlder binne (berne op as foar 6 juny 2006).
  • Net útsluten binne fan it kiesrjocht.

Gjin stimpas krigen as kwyt? 

Hawwe jo gjin stimpas krigen as binne jo jo stimpas kwyt? Dan kinne jo by de gemeente in ferfangende stimpas oanfreegje. Dit kin sawol skriftlik as mûnling. It skriftlik fersyk moat op syn lêst moandei 3 juny 2024 foar 17:00 oere by de gemeente binnen wêze. By in skriftlike oanfraach moatte jo in kopy fan in jildich legimitaasjebewiis meistjoere.

Wolle jo leaver delkomme op it gemeentehûs yn Dokkum?

Dan kin dit o/m woansdei 5 juny 2024 oant 12.00 oere. Jo hoege hjir gjin ôfspraak foar te meitsjen. 

As jo de stimpas op 3 juny skriftlik oanfreegje, kinne wy net garandearje dat PostNL de ferfangende stimpas fóár 6 juny besoarchje kin. Dêrom soe it tûker wêze om del te kommen op it gemeentehûs. Sa kinne jo fuortdaliks de ferfangende stimpas meinimme.