Sintraal telle

De gemeente Noardeast-Fryslân sil op 7 juny 2024 de stimmen sintraal telle foar de ferkiezingen fan it Europeesk Parlemint. 

Op de jûn fan de ferkiezingen telle wy nei 21.00 oere de stimmen de list. De foarriedige útslach meie we noch net bekend meitsje, omdat der yn oare Europeeske lannen noch stimd wurde kin oant en mei snein 9 juny 21.00 oere. 

Op freed 7 juny 2024 fan 8.30 oere ôf telle wy de stimmen per kandidaat. Dat fynt plak yn “ Sporthal de Doelstien ”, Woudweg 142, 9101 VP Dokkum. It tellen is iepenbier. De útslach fan de ferkiezingen.

De útslach fan de ferkiezingen makket it gemeentlik stimburo bekend op moandei 10 juny 2024, om 9.00 oere yn it Gemeentehûs yn Dokkum. Dizze ekstra sitting is ek iepenbier. Ek sette we dan de útslach op de gemeentlike webside.