Stimpas en kiezerspas

Jo krije – op syn lêst 14 dagen foar de ferkiezings – op jo húsadres in útnûging om te stimmen: in stimpas. Op ‘e stimpas stiet it adres dat het tichtst by is foar jo. Mei in stimpas kinne jo yn alle stimburo’s binnen de gemeente stimme.

Jo nimme dizze pas op de dei fan stimming mei nei it stimburo, mei in identiteitsbewiis. Dit identiteitsbewiis mei op syn meast 5 jier ferrûn wêze. Kinne jo sels net stimme, dan kinne jo dit by folmacht troch in oar dwaan litte.

As jo foldogge oan de betingsten om te stimmen krije jo in stimpas. In stimpas is jildich foar íén ferkiezing. Op ‘e stimpas stiet foar hokker ferkiezing dat is. 

By ferhuzing

Mochten jo yn ferkiezingstiid ferhúzje, dan kin it wêze dat jo noch stimme moatte yn jo âlde gemeente. It adres wêrop’t jo op ‘e dei fan kandidaatsstelling offisjeel ynskreaun steane, makket út wêr’t jo stimme moatte. Op dit adres wurdt ek de stimpas besoarge. Jo kinne ek immen út jo eardere wenplak machtigje om út namme fan jo te stimmen.

Ferfangende stimpas

Hawwe jo gjin stimpas krigen of binne jo jo stimpas kwyt? Dan kinne jo by de gemeente in nije stimpas oanfreegje. Dit moat by de gemeente dêr’t jo wenje op ‘e dei fan de kanidaatstelling. Dat kin skriftlik of mûnling. De skriftlike oanfraach moat op moandei 3 juny 2024 fòàr 17:00 oere binnen wêze. Fia de e-mail kinne jo jo fersyk stjoere nei: verkiezingen@noardeast-fryslan.nl. By dizze oanfragen moatte jo in kopy fan in jildich legimitaasjebewiis tafoegje.

Wolle jo leaver delkomme op it gemeentehûs yn Dokkum? Dan kin dit oant en mei woansdei 5 juny oant 12.00 oere. Jo hoege hjir gjin ôfspraak fora te meitsjen.

Wannear’t jo de stimpas op 3 juny 2024 skriftlik oanfreegje, kinne wy jo gjin garânsje jaan dat PostNL de ferfangende stimpas fòàr 6 juny besoargje kin. Dêrom is is it ferstannich om del te kommen op it gemeentehûs. Sa kinne jo fuortdaliks de ferfangende stimpas meinimme. 

Kiesrjocht dakleazen

Om stimme te kinnen, is in stimpas nedich. Dy jout de gemeente út oan ‘e hân fan de Basisregistratie Personen (BRP). Wannear’t jo dakleas binne, steane jo mooglik net yn ‘e BRP. Jo krije dan gjin stimpas en kinne dus net stimme. Steane jo wol yn ‘e BRP, mei in briefadres bygelyks? Dan kinne jo kontakt opnimme mei de persoan dy’t op it briefadres wennet. Dit kin kin gean oer it ûntfangen/opheljen fan de stimpas.

Kiezerspas

Wolle jo yn in oare gemeente stimme as wêryn’t jo wenje? Dan kinne jo in kiezerspas oanfreegje. Mei in kiezerspas kin yn hiel Nederlân stimd wurde.

Skriftlike oanfraach

Jo kinne in skriftlik fersyk foar in kiezerspas op syn lêst moandei 3 juny 2024 fòàr 17.00 oere oanfreegje. Hjirfoar kinne jo dit formulier Model K6-1 brûke. Hawwe jo al in stimpas yn ‘e hûs, dan moatte jo dizze by it fersyk meistjoere.

Mûnlinge oanfraach

Wolle jo leaver delkomme foar it oanfreegjen fan in kiezerspas? Dit kin oant en mei woansdei 5 juny 2024 oant 12.00 oere. Jo geane nei it gemeentehûs dêr’t jo op ‘e dei fan kandidaatstelling as kiezer ynskreaun steane. Dêr kinne jo de stimpas ferfange troch in kiezerspas.

Adresgegevens

Jo kinne it fersyk foar it oanfreegjen fan in kiezerspas stjoere nei it folgjende adres:

Gemeente Noardeast-Fryslân
ornearre foar Ferkiezings
Postbus 1
9100 AA Dokkum